Trekker 'op kafeebesite'

© Omrop Fryslân
In trekker-en-wein is moandei fan in brêge ôfglide en tsjin in terrasmuorke ta stilstân kommen. De bestjoerder (18) út Nijemardum wie ûnderweis fan Snits nei Balk.
By de brêge oer De Dyk bruts it achtertsjil fan syn trekker ôf. It rekke in yn 'e mjitte kommende auto en in 'parkearde' fyts. Gjinien waard ferwûne. Auto en trekker binne fuortsleept.