Fûgelpits yn see mei Dreft

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Eanjum begjint yn septimber mei ôfwaskmiddel Dreft oan in lanlike kampanje om stipers te winnen. It ekstra jild is ornearre foar de nijbouplannen fan de fûgelopfang, dat de stream sike fûgels net mear kwyt kin.
De Fûgelpits giet mei Dreft yn see foar de aksje, om't it middel brûkt wurdt by it waskjen fan fûgels dy't ûnder de oalje sitte.