'Barney' winner IFK Darten

© Omrop Fryslân
Twafâldich wrâldkampioen Raymond van Barneveld is snein kampioen wurden by it Iepen Frysk Dartkampioenskip yn Ljouwert. De oare favoryt Co Stompé lei der yn de twadde ronde al út.
Jouke de Haan einige as bêste Fries by de lêste acht. Roelie Bakker wûn it kampioenskip by de froulju. It is de earste kear yn de tsienjierrige skiednis fan it IFK dat in Friezinne dy titel hellet.