Fuotballers Snits yn jildpine

© Omrop Fryslân
Fuotbalferiening Snits hat grutte finansjele swierrichheden. Spilers fan it earste alvetal, dat útkomt yn de haadklasse fan sneinsamateurs, krije dêrom gjin preemjes en reisfergoedingen.
In part fan de skuld fan trije ton is mei ûntstien troch it earste team. De foarsitter stelt syn funksje beskikber. Earder die de ponghâlder dat al.