Legionella-alarm diels ynlutsen

© Omrop Fryslân
De provinsje hat alarmearjende berjochten oer in legionellabemetting yn seis Fryske sauna's en swimbaden diels ynlutsen. It is net dúdlik oft it om in skealike fariant fan de baktearje giet.
De seis ynstellings ha woansdei mei de provinsje oerlein oer te fieren aksjes. Se wienen lilk oer de wize dêr't de provinsje it nijs oer de besmetting nei bûten brocht hat.