Skier hat measte leppelbekken

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach hat mei 174 briedpearen op dit stuit de grutste leppelbekkekoloanje fan Europa. Oant no ta hie Flylân de grutste koloanje. Dêr is it oantal briedpearen lykwols weromrûn fan 166 nei 96. Yn ús lân binne sa'n 1000 briedpearen.
Net allinnich positive lûden fan Skier. Troch rein en kjeld binne dizze maitiid sa'n 100 jongen deagien op it eilân.