Besunigings yn Noardfryslân

© Omrop Fryslân
Noardfryske organisaasjes krije yn 2001 10 persint minder subsydzje, neffens de Deenstalige krante Flensborg Avis.
De organisaasjes hâlden rekken mei in koarting fan 2,5%, mar dy falt no folle heger út. Minderhedepartij SSW hat al tsjin de besunigings fan it regear fan Schleswig-Holstein protesteard. Yn dat Bûndeslân prate sa'n 10.000 minsken in fariant fan ús Frysk.