Distribúsjesintrum ôfbaarnd

© Omrop Fryslân
De brân tiisdei by it distribúsjekantoar fan Broersma yn Wolvegea is in grutte strop foar Smilfood op It Hearrenfean. It bedriuw hie yn Wolvegea oalje en fetten yn 'e opslach. Dy binne no wei.
De ôfnimmers fan Smilfood binne ynstellings en hoarekabedriuwen. Dy krije har bestellings woansdei mar foar in part. By Smilfood binne ekstra minsken ynset om in nije foarried op te bouwen.