Fûgelpits komt op foar fiskers

© Omrop Fryslân
Fûgelopheinsintrum De Fûgelpits yn Eanjum mingt him yn 'e diskusje oer de kokkelfiskerij. Neffens de foarsitter biolooch Jongman leit it net oan harren dat eidereinen en strânljippen stjerre.
De stjerte komt fan de minne kwaliteit fan 'e kokkels troch de fersmoarging fan 'e see. De Rie fan Steat docht dizze wike útspraak oer de kokkelfiskerij. De Waadferiening wol it ferbiede.