Ferstoarn nei auto-ûngelok

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige ynwenner fan 'e Westerein is moandei ferstoarn oan syn ferwûnings nei in ûngelok by Mearum (Grinslân). De man wie mei syn auto tsjin in beam riden. Mei swier letsel is er oerbrocht nei it Akademysk Sikehûs yn Grins.
De ynsittenden, in jongeman (18) en in frou (21) út Twizelheide, kamen der better foarwei. Hja moasten mei lichte ferwûnings nei it sikehûs ta.