IFKS-skipper lilk by Sail wei

© Omrop Fryslân
IFKS-skûtsjeskipper Peter de Koe is freed lilk fuortgien by Sail 2000 yn Amsterdam. De 30 IFKS-skûtsjes hawwe in lisplak krigen yn in tige rêstige haven. Foar De Koe wie dat reden om mei syn trije boaten werom te silen.
Neffens wurdfierder Bandstra fan de skûtsjes wie der gjin better plakje en is der yn Amsterdam te min romte. Moandei sylt de float yn de Sail-out parade.