Einlings hûs foar kattefroutsje

© Omrop Fryslân
It 'kattefroutsje' út Minnertsgea hat lang om let in nije wente fûn. Mei stipe fan in frou út Grins hat se in hypoteek krigen foar in hûs oan de Alde Biltdyk.
Frou Claus moat foar 5 septimber har hierwente ferlitte om't se mei har goed 40 katten foar tefolle oerlêst soarget. De wenningstifting beriedt him op in fersyk fan frou Claus om in moanne útstel te krijen.