Taart mei plysjebegelieding

© Omrop Fryslân
De Ronde fan Nederlân soarge tongersdei foar problemen by bakker Salverda. Hy koe net mei de auto by syn saak oan 'e Foarstreek komme om in breidstaart fuort te bringen. De taart is ûnder plysje-eskorte ferfierd.
Net elkenien wie op 'e hichte fan 'e rûte fan 'e Ronde. De plysje hâlde by Marsum in tal automobilisten tsjin, dy't mei de wein it parkoers op woene.