Pleats folslein útbaarnd

© Omrop Fryslân
In wenpleats oan It Noard yn Drachten is tongersdeitenacht folslein útbaarnd. Der wienen gjin minsken yn it pân oanwêzich dat Spinder Tegelwerken as bedriuwsrûmte brûkt.
De brânwacht ûndersiket oft der asbest frijkommen is. Foar de wissichheid hawwe omwenjenden it advys krigen ruten en doarren ticht te hâlden. Buertbewenners moatte ek net oan roetdieltsjes komme.