Earste Langman-jild binnen

© Omrop Fryslân
It earste part fan it 'Langman-jild' is binnen. Steatssiktaris Ybema fan Ekonomyske Saken is akkoard gien mei it plan 'Kompas van het Noorden'. Dat betsjut dat 104 miljoen gûne stoarten wurdt.
Noard-Nederlân kin no oan de slach mei it útfieren fan it plan. Nei hokker projekten it jild presys giet, is noch net dúdlik. Yn totaal kin it Noarden oant 2007 1,8 miljard temjitte sjen.