'Radio Friislon' wol Mediaburo

© Omrop Fryslân
Radio Friislon yn Noardfryslân (Dútslân) lansearret dizze wike in plan foar in Noardfrysk Mediaburo yn Kiel. It mediaburo soe deistich 1 oere radio produsearje moatte yn it Noardfrysk.
De Noardfriezen hawwe op dit stuit 3,5 menút radiostjoertiid yn 'e wike. Dat fine se fierstente min. De Noardfriezen beskôgje Omrop Fryslân as har foarbyld. De begrutting fan it plan is sa'n 2 ton.