Op 'e nij swimferbod Brekken

© Omrop Fryslân
Foar de Aldegeaster Brekken jildt op 'e nij in swimferbod. By in kontrôle fan it wetterskip binne tefolle faekale streptokokken - dat betsjut ûntlesting - yn it wetter oantroffen. Dy baktearjes kinne maach- en termklachten feroarsaakje.
By de kamping fan Aldegea W. binne ek mjittings dien, mar dêr wie it swimwetter goed. It is it twadde swimferbod yn trije wiken foar dizze Brekken.