FNP yn noed oer ûnderwiis

© Omrop Fryslân
As de Ynspeksje fan Underwiis út Fryslân ferdwynt, sil dat negative gefolgen ha foar de Fryske taal en it ûnderwiis. Boppedat ferliest Fryslân in tal heechweardige wurkplakken. Dat fynt de FNP.
De Ynspeksje wol lanlik it tal kantoaren werombringe. It noardlike kantoar soe dan yn Swolle komme. De FNP-steatefraksje freget Deputearre Steaten in stânpunt tsjin de plannen yn te nimmen.