Undersyk stabiliteit Iselmardyk
It Wetterskip Fryslân is mei in previntyf ûndersyk begûn nei de tastân fan de Iselmardyk. Oer in stik fan sechtich kilometer tusken De Lemmer en Surch wurdt oan de hân fan boarrings mjitten hoe't it mei de stabiliteit fan de dyk stiet.
It Wetterskip ferwachtet by it ûndersyk net echt swakke plakken yn de Iselmardyk oan te treffen.