Auto set bosk yn 'e brân

© Omrop Fryslân
Yn in bosk op Flylân is dit wykein brân ûntstien troch in auto dy't folslein útbaarnde. Twa manlju hiene de auto fan freonen meinommen en rieden dêr it Vuurboetsdún mei op. Doe't se ek noch in kuierpaad oprieden, rûn de auto fêst.
By it besykjen de auto los te krijen, waard de motor sa hyt dat der brân útbruts. Dy sloech oer nei de bosk. De Flylanner brânwacht hat it fjoer blust.