Keuring fan lângeiten
Op it bekende temapark fan 'e Harkema wie sneon wer de jierlikse keuring fan lângeiten. Der kaam in soad publyk te sjen nei de keuring.
Neffens Wimpy de Vries, foarsitter fan de lângeiten-fokkersklub Friesland, wie de lângeit yn de jierren fiiftich hast hielendal útstoarn. Troch in yntinsyf fokprogramma koe it ras behâlden wurde.