Studinten warskôge foar drank

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert begjint oare wike, by de studinteyntroduksje, in kampanje tsjin drankmisbrûk ûnder studinten. Slogans lykas 'Ober, wêr kin ik spuie?' moatte nije studinten oan it tinken sette.
De Ljouwerter kampanje slút oan by in grutte lanlike aksje. Benammen earstejiersstudinten blike altiten fetber te wêzen foar de ferliedings fan 'kening alkohol'.