Al fjoerwurkopslach op De Lemmer

© Omrop Fryslân
Der komt al in fjoerwurkopslach fan de firma Postma op it yndustryterrein Lemsterhoek op De Lemmer, al ha omwenjenden beswier oantekene. Dat hat boargemaster Bosma sein.
Bewenners en oare ûndernimmers binne benaud foar kalamiteiten. Neffens de boargemaster hâldt it bedriuw him oan de needsaaklike foarskriften. De fergunning wurdt net ynlutsen.