Wurk BC Fashion yn bûtenlân

© Omrop Fryslân
De eigner fan it spikerbroekefabryk BC Fashion hat in part fan de produksje yn Poalen en Tunesië ûnderbrocht. Op dizze wize kin er dochs syn leveringsferplichting op koarte termyn neikomme.
Yn july sleat de eigner it fabryk yn de Westerein. Hy wie it ûniens mei it werombeteljen fan jild dat provinsje en gemeente him lienden. It personiel krige dien. Der komt mooglik in trochstart.