Unrêst troch fjoerwurkopslach

© Omrop Fryslân
Op it yndustryterrein Lemsterhoek op De Lemmer komt in fjoerwurkopslach foar 40 ton konsumintefjoerwurk en 5000 kilo fjoerwurk foar eveneminten. Omwenjenden fine it nei de ramp yn Enschede net fertroud dat de bunker by wenningen komt.
De eigners komme neist de bunker te wenjen. Neffens har kin de buert gerêst wêze. Se binne al jierren dwaande mei fergunningen foar de fjoerwurkopslach.