Tefolle twadde húskes yn Hylpen

© Omrop Fryslân
It ferbod op de ferkeap fan twadde wenten yn Hylpen moat better kontrolearre wurde. Dat fynt Stadsherstel Hylpen. Neffens de stifting wurde der noch hieltyd wenten ferkocht foar rekreaasje.
De stifting is benaud dat hjirtroch it byld fan de stêd oantaast wurdt, omdat rekreaasjewenten faak leech steane. Neffens wethâlder De Vries falt it mei de hannel yn twadde húskes wol ta.