Stiens wint Freule

© Omrop Fryslân
Franke en Siete Ferwerda en Jaap Oostra ha foar Stiens woansdei de Freule wûn. Yn de finale wie it partoer fan Bitgum gjin partoer foar har: 5-0, 6-4.
Spannender wie de heale finale tusken Bitgum en Winsum. De twa outsiders giene oant 4-4 de hiele tiid gelyk op, earst om earst. Bitgum wûn úteinlik mei 5-4, 6-6. Yn de oare heale finale wûn Stiens fan it thússpyljende Wommels.