Minder besikers by otterpark

© Omrop Fryslân
Otterpark Aqualutra lûkt dit jier in soad minder besikers. Yn july hawwe der tritich prosint minder minsken west.
Neffens it park komt dat troch berjochten earder dit jier. It park kaam doe yn it nijs om't de helte fan it bestjoer it fallissemint oanfrege hie. Dat gie net troch, mar neffens direkteur De Jongh tinke in soad minsken wol dat it park no sluten is.