Tsjerke Nijehoarne restaurearre

© Omrop Fryslân
De herfoarme tsjerke fan Nijehoarne krijt meikoarten in opknapbeurt. De tsjerke krijt in nije kap, der komt in nij ynterieur en in nije, mear passende preekstoel.
De tsjerke, in ryksmonumint út 1770, krijt mei de restauraasje safolle mooglik syn oarspronklike eleminten werom. It wurk begjint nei alle gedachten begjin takom jier.