Poddestuollen hawwe it goed

© Omrop Fryslân
It giet goed mei de poddestuollen yn 'e provinsje. It ôfrûne jier binne fiiftûzen teld. De distriktsfoarsitter fan de Nederlânske Mikrobiologyske Feriening is tefreden mei dat oantal.
Yn Fryslân binne gjin beskerme poddestuollen. Soarten dy't net folle foarkomme, wurde op in reade list set. Dat is om oan te jaan dat minsken der sunich op wêze moatte.