Iepen dei loftmacht yn Ljouwert
De iepen dagen fan de loftmacht wurde takom jier wer op de fleanbasis Ljouwert holden, nammentlik op freed 6 en sneon 7 july. Der is foar Ljouwert keazen om't de fleanbasis Twente op dat stuit renovearre wurdt.
Yn 1998 wie de iepen dei foar it lêst op de fleanbasis Ljouwert. Takom jier wurde foar 't earst twa iepen dagen holden om de drokte mear te sprieden.