Twarres no op 59ste plak

© Omrop Fryslân
It nûmer 'Wêr Bisto' fan Twarres stiet dizze wike op 59 yn de Mega Top 100. Dat is in winst fan 27 plakken yn ferliking mei ôfrûne wike. Doe kaam Twarres binnen op 86 yn de top 100.
It nûmer 'Wa't ik bin' fan de Kast en Maaike Schuurmans sakket yn 'e nije list nei plak 47. Jan Tekstra fan Heech ferkynt foar it earst yn de Mega Top 100. Hy stiet op 89 mei 'Zomer op m'n lijf'.