Boalsert wint yn Starum
De sechde wedstriid fan it SKS-Skûtsjesilen yn Starum sneon is wûn troch Boalsert mei skipper Eldert Meeter. Eins kaam Peter Syperda fan De Jouwer as earste binnen, mar troch protest fan Boalsert einige er as lêste om't de sjuery him diskwalifisearre.
Langwar skode mei de diskwalifikaasje op nei it twadde plak en Grou kaam as tred út. Grou liedt it algemien klassemint.