Iepen dei by Cambuur

© Omrop Fryslân
By fuotbalklub Cambuur yn Ljouwert stie sneon de jierlikse iepen dei op it programma. Goed 5000 besikers kamen nei it stadion ta. Ferline jier kamen der likefolle besikers op ôf.
De spilers kamen fansels yn aksje en toanden har keunsten oan it entûsjaste publyk. De fuotballers dielden, lykas de tradysje dat easket, wer hantekens út.