Oername Oldenburger tichterby

© Omrop Fryslân
De ûnreplik guod-bv fan it Ljouwerter ôffalferwurkingsbedriuw Oldenburger is fallyt ferklearre. Neffens de kurator betsjut it fallissemint dat in mooglike oername tichterby komt. Der binne sân bedriuwen dy't belangstelling toand ha.
Eigner Siep Oldenburger is noch hieltyd spoarleas. De rjochter bepaalde dat er gizele wurde moat om't er net meiwurket oan de ôfhanneling fan it fallissemint.