Undersyk nei astma

© Omrop Fryslân
In groep fan 250 Fryske astmapasjinten hat meiwurke oan in ûndersyk fan it akademysk sikehûs yn Grins. Doel is om mear te witten te kommen oer de erflike oanlis fan de sykte.
De Friezen binne geskikt om't se net folle ynfloeden fan bûten ha. Twa jier lyn binne de tariedingen foar it ûndersyk begûn. Ein fan dit jier wurde de earste resultaten ferwachte.