Keningsbal foar Terpstra
De keningsbal op dizze 147e PC yn Frjentsjer wie foar Klaas Anne Terpstra. Hy krige 9 punten, Klaas Berkepas 6. Terpstra wûn de PC ek yn 1995.
Net allinnich de útslach fan de finale wie ferrassend. Yn de twadde omloop fersloech it earsteklas partoer fan Johan Abma dat fan Johan Okkinga. De winners fan it ôfrûne jier gienen mei 5-4 en 6-2 fan de list.