Van Moorsel wint Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Leontien van Moorsel hat tiisdei de profronde yn Surhústerfean wûn. It is hast tweintich jier lyn dat froulju oan de start fan de hurdfytswedstriid ferskynden. Dit jier dienen 30 mei.
Van Moorsel wie yn 't foar de grutte favoryt. Se beskôge de 40 rûntsjes troch it doarp as goede trening foar de Olympyske Spelen. Fiif omgongen foar de ein ûntsnapte se út it peloton.