Hearrenfean wint op de Feanhoop

© Omrop Fryslân
Allard Syperda fan It Hearrenfean hat op de Feanhoop de twadde wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen wûn. De debutant krige op it lêst Grou noch flak achter him oan, mar einige mei de Gerben van Maenen as earste. Treds is Ulbe Zwaga fan Ljouwert wurden.
Benammen de skippen yn de middenmoot hienen bot lêst fan de draaiende wyn. Trije skippers tekenen protest oan.