Oerlis oer takomst ATF

© Omrop Fryslân
De ynspeksje foar miljeuhygiëne ûnderhannelet mei de provinsje en it ôffalferwurkingsbedriuw ATF út Drachten oer definitive maatregels foar it ferwurkjen fan ôffal.
Yn maaie kamen skealike stoffen frij by in brân by it bedriuw. ATF mei gjin ôffal mear opslaan, mar moat dat per dei ferwurkje. Binnen in moanne moatte alle partijen it iens wurde oer de takomst.