Frima yn Dútske hannen

© Omrop Fryslân
It fallite sâltfabryk Frima yn Harns wurdt oernommen troch it bedriuw Kali und Salz út it Dútske Kassel. Dat hat Frima freed bekend makke. Direkteur Huijg is wiis mei de oername. Kali und Salz nimt ek hast alle 65 wurknimmers fan Frima oer.
Frima wie nei Akzo de grutste sâltprodusint fan Nederlân. It bedriuw gie dizze maitiid fallyt.