Wachtlist East-Fryslân oanpakt

© Omrop Fryslân
Soarchkwadrant, mei âldereintehuzen yn Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Dantumadiel, pakt har wachtlist oan. De ynstelling hat yn Fryslân de measte âlderen dy't wachtsje op soarch: 263.
Doel is de kommende seis wiken tritich ekstra plakken mei ferpleechhûssoarch te realisearren. Dêrta sil ekstra personiel oannaam wurde. It ministearje moat noch akkoart gean mei de oanpak.