Deadlik ûngemak by Boazum

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige ynwenner fan Skearnegoutum is woansdei ferstoarn nei in botsing mei in trein. De man seach op de oergong by Boazum de trein út Snits te let en waard oanriden.
It slachtoffer is swier ferwûne oerbrocht nei it sikehûs fan Snits, dêr't er letter ferstoarn is. It treinferkear hat troch it ûngemak in skoft stillein.