Gjin skealike stoffen by brân
By de brân tongersdei yn Snits by stielbedriuw Holvrieka, binne gjin skealike stoffen frijkommen. Om't der gefaar wie foar blausoergas, wiene fiergeande maatregels nommen.
It ferkear waard omlaat, bedriuwen ûntromme en omwenjenden moasten ruten en doarren slute. Nei ferskate mjittings die bliken dat it feilich wie.