Meiwurkers heard nei omropbrân

© Omrop Fryslân
Twa meiwurkers fan de Ljouwerter lokale omrop Mercurius binne dizze wike heard oer in brân by de omrop. Sneontemoarn waard de brân yn it pân oan de Bagijnestrjitte ûntdutsen. It wie de twadde brân yn koarte tiid by Mercurius.
De plysje giet by beide brannen út fan brânstifting. De twa meiwurkers binne, nei heard te wêzen, wer frijlitten.