Memoires fan in skûtsjeskipper

© Omrop Fryslân
De memoires fan skûtsjeskipper Pieter Brouwer komme meikoarten yn boekfoarm út. Publisist Klaas Jansma hat de oantekens bewurke en fan achtergrûnynformaasje foarsjoen.
'Hoop doet leven' jout in byld fan 'e delgong fan 'e skipperij. Brouwer hat jierrenlang belutsen west by de SKS. Hy ferstoar yn 1985. It boek wurdt oare wike yn Earnewâld presintearre.