Oprop DNA-ûndersyk yn Kollumer

© Omrop Fryslân
Yn in advertinsje yn de Kollumer Krante wurdt in oprop dien foar in grutskalich DNA-ûndersyk yn de saak-Vaatstra. De advertinsje is ûndertekene troch de groep 'Verontruste ouders'.
Manlju tusken de 20 en 45 jier kinne frijwillich meidwaan oan dit ûndersyk. Sy moatte dan in bon opstjoere, dy't ôfprinte stiet yn de Kollumer Krante. De aksje moat justysje ûnder druk sette.