Twaspjalt yn 'e FNP

Jehannes Kramer
De twaspjalt yn 'e FNP oer it wol of net meidwaan oan ferkiezings foar de Twadde Keamer liket hieltyd slimmer te wurden. Nei de wurkgroep 'Wy dogge mei' is der yn de partij no ek al in aksjegroep 'Wy dogge net mei te'n koste fan ús partij'.
Yn partijblêd Frijbûtser skriuwt fraksjemeiwurker Jehannes Kramer dat er 'kjel' wurdt fan it 'spjaltsjende gedrach fan inkelde partijleden'.