Bistepensjons sitte fol

© Omrop Fryslân
Bistepensjons yn Fryslân hawwe it ferskuorrende drok, no't de boufakfakânsje foar de doar stiet. De echte topdrokte wurdt fan nije wike ôf ferwachte.
In soad pensjons sitte al folboekt en ferwize minsken troch. It bêste is neffens guon pensjonhâlders om de bisten mar by famylje en freonen ûnder te bringen. Hûnepensjon Drachten hat al 200 minsken 'nee' ferkeapje moatten.