Jeugd jout foarljochting

© Omrop Fryslân
Op Skylge wurdt no tongersdei út ein set mei in grutte alkohol-simmerkampanje. Jongeren wurde op paad stjoerd om har leeftiidsgenoaten foar te ljochtsjen oer it brûken fan alkohol.
De simmerkampanje is ûnderdiel fan de grutte alkoholkampanjes dy't yn opdracht fan it ministearje fan Folkssûnens opset binne. De jonge foarljochters binne aanst ek aktyf yn de Snitswike.